By in fakânsje heart in goed boek. Nuver hoe’t it in skriuwer der’t je hege ferwachtings fan hawwe, blykt ôf te fallen (Indriðason) en in oare dy’t je kenne, mar wolris wat langtriederich fine, ûnferwacht aardich blykt te wezen.
Havank is in famyljesaak. Myn niget oan Havank haw ik urven fan us heit. As jonkje fan tolve lies ik de ferhalen fan De Schaduw al, dy’t oer it generaal yn Frankryk spilen, mei Circus Mikkenie as iennichste ferhaal dat him yn Havank syn bertestêd, Ljouwert, ofspilet. In pear jier ferlyn besocht ik wer ris in Havankje te lezen en it foel my min of. Wat in geëamel, stikken tekst dy’t nearne nei ta gongen en in flintertin ferhaal. Myn samling earste printingen (reade hardcovers) gong nei us heit, in echte leafhawwer, de pockets nei souder en ik haw der in gjin jierren nei omsjoen. Dizze fakansje smiet ik lykwols yn in opwelling ‘Hoofden op Hol’ yn de koffer. Ik ferwachtte der net tefolle fan. Yndied binne stikmannich wurdgrapkes wat flau, is it plot ôfhinklik fan tafallichheden en is de Schaduw gauris wat al te wiidweidich yn syn beskôgingen. Fan de oare kant, ik ha der (hurdop) om lake, ik woe wol witte hoe’t it plot yn inoar stuts en hie ek wol aardichheid oan it tiidsbyld mei it ferstjoeren fan telegrammen en it sykjen nei minsken of bedriuwen der’t in tillefoan is as je ien skylje moatte. Dat, hast tritich jier nei’t ik mei graachte de avonturen fan de Schaduw lies, slút ik no net ut dat ik nei Hoofden op Hol nochris wer in Havankje ut de kast pakke sil. Merkwaardig. Hoogst merkwaardig! Publisearre op johannesbeers.nl op 19 augustus 2015 |